Mear belangstelling foar Nuon

© Omrop Fryslân
It Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall en it Deenske Dong Energy sille dizze wike noch in bod dwaan op Nuon. Dat meldt parseburo Reuters.
It Italjaanske enerzjybedriuw Eni soe ek belangstelling hawwe foar Nuon, mar it is noch ûndúdlik oft it ek in bod dwaan sil. Boarnen fan it parseburo sizze dat Nuon 49 persint fan syn oandielen te keap oanbiede sil. De provinsje Fryslân hat in oandiel fan 12,6 persint yn Nuon en wol dit part ferkeapje.