Aris ferliest yn lêste minút

10 feb 2009 - 22:22

Aris Friesland hat wer ris djoere punten ferskiten. Yn sporthal It Kealledykje waard mei 76-74 ferlern fan Leiden. Dat wie soer foar de Ljouwerter basketballers, want útsein it earste kwart (18-16 foar Leiden) stie Aris hyltyd op foarsprong.

Mei noch in dikke minút te gean kaam Leiden op foarsprong: 74-73. It waard 74-74 en 76-74 foar Leiden. Aris hie doe noch tweintich sekonden om de winst of de ferlinging te heljen. Dat slagge net troch knoffelich spul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)