Stadich op A7 troch froastskea

© Omrop Fryslân
As gefolch fan de froastskea mei der op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean net hurder riden wurde as 70 kilometer yn de oere.
Ek al binne der needreparaasjes útfierd, it asfalt is sa min dat der net hurd riden wurde kin. De snelheidsbeheining jildt tusken de ôfslagen Beetstersweach en De Tynje. Sa lang der net in definitive reparaasje útfierd is, bliuwt de snelheidsbeheining fan krêft.