NHL ruilet opliedings

10 feb 2009 - 17:12

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, NHL, en de hegeskoalle Windesheim yn Swol ruilje opliedings. De NHL docht de fêstiging fan de oplieding Pedagogyk dy't sy yn Swol ha oer oan Windesheim. Yn ruil krijt de hegeskoalle de technyske learare-opliedings fan Windesheim yn Grins werom.

Ien fan de redenen fan de oerdracht is de grutte ynvestearrings dy't dien wurde moasten yn Swol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)