2 jier sel foar helpferliener

10 feb 2009 - 14:43

In 61-jierrige ynwenner fan Snits is troch de rjochter yn Ljouwert feroardiele ta twa jier selstraf. De man wurke by de GGZ en hat jierrenlang in seksuele relaasje hân mei twa fan syn kliïntes. Ien wenne sels by him op 'e souder.

De man waard der fan fertocht dat hy de froulju brûkte as slavinnen, mar dat koe net bewiisd wurde. Wol fynt de rjochter it in kwealike saak dat de man syn funksje as fertrouwenspersoan misbrûkt hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)