'Ferfanging F16 net nedich'

© Omrop Fryslân
It is foarearst net nedich om de F16 te ferfangen troch in nij gefjochtsfleantúch. Dat skriuwt definsjespesjalist Bert Kreemers yn syn proefskrift Hete Hangijzers.
De oanskaf fan de JSF kin neffens Kreemers útsteld wurde. De F16's binne oanskaft yn de jierren '80 en '90, mar makken folle minder fleanoeren as doetiids ferwachte waard. Boppedat is it fleantúch in pear kear modernisearre. Ferfanging hoecht net earder as yn 2022.