Hurdriders by Goutum pakt

10 feb 2009 - 11:15

Trije autobestjoerders binne moandei op de Overijsselseweg by Goutum harren rydbewiis kwytrekke. Op dat plak meie auto´s fanwege wurk oan de dyk net hurder ride as fyftich kilometer yn de oere.

Trije minsken rieden hurder as hûndert kilometer, in frou út Grou ried 116 kilometer yn de oere. De trije hurdriders moasten it rydbewiis ynleverje en krigen in prosesferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)