Glêdens troch snie

10 feb 2009 - 06:52

De snie soarget op dit stuit foar problemen yn foaral it noarden fan Fryslân. Rykswettersteat en de provinsje hawwe it drok hân mei it sniefrij meitsjen fan de diken. Dêrby binne ûnder oaren snieskowers ynsetten.

Omdat de temperatueren fan de dyk foaral yn it noarden noch ûnder nul binne, bliuwt de snie dêr makliker lizzen. De ferwachting is dat de snie gau wer ferdwynt, as it ferkear goed op gong komt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)