De Vries: sloop is net nedich

09 feb 2009 - 22:20

Der hoege yn Marsum, Koarnjum en Jelsum gjin wenten sloopt te wurden as Nederlân de JSF oanskaft. Dat stelt steatssiktaris Jack de Vries yn antwurden op fragen út de Twadde Keamer. It lûd fan it tastel bliuwt neffens him binnen de wetlike noarmen en dy sille dan ek seker net oanpast wurde.

De fleanbasis Ljouwert hoecht ek net ticht of ferpleatst te wurden. Yn de omlizzende doarpen is in soad ûnrest oer it leven dat it nije tastel makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)