Miljoen foar Fries Museum

09 feb 2009 - 22:15

It Fries Museum krijt in miljoen euro fan de Bank Giro Loterij. It bedrach wurdt útkeard yn fiif jier tiid. Foar it jild kin it museum grutte útstallings organisearje yn it nije gebou.

It bedrach sil ûnder oare brûkt wurde foar in útstalling fan wurk fan de Fryske skilder Laurens_Alma_Tadema. It nije museum moat yn 2012 iepen gean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)