Wer ris winst jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 2-0 wûn by jong FC Utrecht. In wolkomme oerwinning omdat de Feansters yn degradaasjegefaar binne. Dêrom waard ôfrûne wike trainer Hans de Jong oan 'e kant setten en waarden syn taken oernaam troch Jan de Jonge en Johnny Jansen.
Hearrenfean mei Hans Vonk op 'e goal, kaam yn de 42ste minút troch Pedro Beda op foarsprong. Milan Kopic makke yn de 77ste minút mei in moaie kopbal út in hoekskop de twadde Feanster goal.