Ferdôvingspylken Skylge fûn

09 feb 2009 - 17:38

De twa lèste fermiste ferdôvingspylken op Skylge binne weromfûn. By de jacht op de tsien edelherten dy´t sûnt in pear moanne op it eilân rinne, rekken trije fan dy pylken kwyt.

Omdat de doasis ferdôvingsfloeistof bedoeld is foar de herten, binne de pylken foar minsken libbensgefaarlik. De earste waard koartlyn nei in sykaksje fan de Seefeartskoalle weromfûn. Foar de lêsten hat de plysje in spesjale sykienheid fan de plysje Grins ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)