Leger rêdt Skuttelpoel Heech

It leger is ynset om in eilantsje yn de Skuttelpoel by Heech te behâlden. Sa'n tritich soldaten út Weesp binne dwaande mei in oefening yn de Skuttelpoel. Se bouwe pontons dêr't se 300 ton stiennen mei om it eilantsje yn de mar stoarte. Se dogge dat op fersyk fan Steatsboskbehear.
Troch ôfslach wurdt it eilân hieltyd lytser en it soe ferdwine as der neat oan dien waard. De troepen binne noch wol in pear dagen oan it wurk.