Willem Alexander nei Snits

09 feb 2009 - 14:44

As de fernijing fan wenwyk Noarderhoek yn Snits klear is, moat kroanprins Willem Alexander de offisjele iepening dwaan. Dat sei wethalder Bargboer fan Snits moandei by in besite fan steatsiktaris Huizinga fan Ferkear en Wettersteat.

Huizinga beseach yn Snits ien fan de 32 nijbouhuzen mei in miljeufreonlik húske. Dat brûkt net sân, mar mar ien liter wetter by it trochspielen. Yn de Noarderhoek komme 250 hûzen mei sa´n wc.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)