Ynternette yn de trein

09 feb 2009 - 14:39

Minister Eurlings fan ferkear hat moandei in proef mei triedleas stabyl ynternet foar reizgers op it spoar tusken Ljouwert en Grins offisjeel yn gebrûk steld. Reizgers kinne it de kommende moannen fergees brûke. Arriva, mar ek spoarbehearder Prorail en KPN, wolle it systeem teste.

Neist it spoar is in mobyl datanetwurk delset om it ynternetten mooglik te meitsjen. It datasysteem kin ek brûkt wurde om de feiligens op it spoar te fergrutsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)