Swiere blessuere Rudy Mann

De seleksje moat it in skoft sûnder Rudy Mann dwaan
Fuotballer Rudy_Mann komt dit seizoen net mear yn aksje. De oanfaller fan ONS hat ôfrûne sneon yn de kompetysjewedstriid tsjin WHC út Wezep syn kûtspier ôfskuord. De wedstriid einige úteinlik yn 0-0.
Yn de fjirtjin wedstriden dy´t ONS oant no ta spile, hat de ploech mar tolve doelpunten makke. Dêrmei binne de Snitsers de minst skoarende ploech yn de haadklasse. Mann is mei trije doelpunten topskutter by ONS.