Reüny fan Simmer 2000
Hast njoggen jier nei Simmer 2000 stean De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens wer mei elkoar op it poadium. De reüny wurdt hâlden foar de Alvestêdetochtfeesten fan dit jier. Nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan de Feriening Friesche Elf Steden binne der it hiele jier jubileumfeesten yn alle Fryske stêden.
It moatte spektakels wurde mei muzyk, teater en ferhalen oer de Alvestêdetocht. De tagong is fergees.