Koalmonoksyde yn Sigerswâld

© Omrop Fryslân
It doarpshûs fan Sigerswâld is de hiele wike ticht fanwege in stikkene kachel dy´t koalmonoksyde feroarsaket. Dat is libbensgefaarlik en dus wol it doarpshûsbestjoer de doarren pas wer los dwaan as der in nije kachel is. It probleem kaam freed oan it ljocht doe´t besikers klachten krigen.
Ferskate aktiviteiten binne ôfsein en ek it pjutteboartersplak is de hiele wike ticht. De nije kachel wurdt ein dizze wike ferwachte.