Dokumintêre oer mantelsoargers

© Omrop Fryslân
Welzijn Leeuwarden siket minsken dy't meiwurkje wolle oan in dokumintêre foar en oer mantelsoargers. De film is bedoeld om it petear op gong te bringen oer mantelsoarch. In soad minsken sjogge harren sels net as mantelsoarger, wylst se dat wol binne.
Yn maart wurde belangstellenden útnoege om de dokumintêre foarm te jaan en yn maaie wurde de opnamen makke. De dielnimmers binne frij om oan te jaan wat se dwaan wolle foar de film.