Minister Eurlings iepenet N31

Ferkearsminister Eurlings hat moandei it ferdûbele stik N31 tusken Surch en Harns iepene. Eurlings wol it leafst yn maart dúdlikheid hawwe oer noch trije grutte projekten.It giet dan om de heak by Ljouwert, it knipepunt by De Jouwer en de ferdûbeling fan it lêste stik dyk by de Keningsbrêge by Harns.
Dat kin noch wol dreech wurde, om´t it net maklik is om fergunnings foar grutte projekten gau klear te krijen.