Man oppakt mei drank en drugs

© Omrop Fryslân
In 29-jierrige man út Ljouwert is snein op de A32 by It Hearrenfean oanhâlden omdat er slingerjend oer de dyk ried. Doe't plysjes him oan de kant setten hiene, rûkten se alkohol. Ut syn gedrach makken de plysjes op dat er mooglik ek drugs hân hie.
De man hie syn rydbewiis ek net by him. Hy is meinommen nei it plysjeburo. Dêr fûnen de plysjes in fleske GHB. De auto fan de Ljouwerter is yn beslach naam.