Ramkreak drogisterij Wolvegea

By in ramkreak op in drogisterij yn Wolvegea hat de plysje moandei fuortendalik ek de fjouwer dieders oanhâlden. Plysjes hiene de mânlju riden sjoen yn in auto. Se fûnen it fjouwertal fertocht en folgen har.
Doe´t de auto mei grof geweld de gevel fan de winkel ynried en de mânlju binnen guod stelden, binne se oanhâlden. De plysje wol noch neat sizze oer de identiteit fan de fjouwer ramkreakers. De eigner hope dat de saak middeis wer iepen koe.