Herten Skylge wurde ôfsketten

De herten fan Skylge wurde dochs ôfsketten
Der wurdt op dit stuit besocht om de herten op Skylge ôf te sjitten. Minister Gerda Verburg fan Lânbou hat dat besluten. Dit is nedich om skealike gefolgen fan de herten foar it eilân foar te kommen.
Edelherten komme fan natuere net foar op Skylge en it gefaar bestiet dat de bisten skea oanrjochtsje oan ´e natuer en gewaaksen. Der is yn earste ynstânsje besocht om de herten te ferdôvjen. Dat slagge mar by ien bist.