Ynternasjonale muzykjûn sukses

De ynternasjonale muzykjûn wie in grut sukses
De earste edysje fan International Student Night Live fûn plak op woansdei 28 jannewaris yn poppoadium Romein en wie in grut sukses. It evenemint is in inisjatyf fan trije ynternasjonale studinte-organisaasjes yn Ljouwert.
Der wiene goed 250 studinten oanwêzich fan ferskate nasjonaliteiten. Der wiene optredens fan trije bands, wêrûnder Barefoot (ynternasjonale coverband), We Be Naked (út Amsterdam) en Sawed Off.