Omrop-weddenskip slagge

Artikel yn de Telegraaf fan 23/1/2009 oer de weddenskip
It is slagge: Omrop-presintators Willem de Vries en Wim Brons brochten binnen twa wike tiid in ferskuorrend oantal figuranten byinoar foar de nije film fan Steven de Jong, 'De hel van '63'.
Yn earste ynstânsje gie de weddenskip dy't de presintators oangien wiene mei de filmprodusinten om 1000 figuranten. Al nei in oantal dagen die bliken dat de aksje in grut sukses wie en waard de latte lein op 2500. Freed, by it sluten fan de aksje, is dit tal helle.