Keamerkommisjes nei Marsum

08 feb 2009 - 09:53

De keamerkommisjes fan Definsje en FROM bringe moandei in besite oan Marsum. De politisy prate dêr mei it doarp oer de mooglike komst fan de JSF nei fleanbasis Ljouwert as opfolger fan de F16. Marsum is benaud mear lûdsoerlêst te hawwen fan de JSF.

De kommisjeleden geane ûnder oare by de wenten lâns dy't de measte oerlêst ha fan de strieljagers. Ek wurdt har it ferskil hearre litten tusken it lûd fan in F16 en de JSF.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)