Flyers winne yn Geleen

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers ha yn de iishockeykompetysje wer ris in útwedstriid mei dúdlike sifers wûn. Yn en tsjin Geleen, de nûmer tije, waard it 6-1 foar de Feansters. De perioadestannen: 0-0, 0-2 en 1-4.
De Feanster doelpunten wiene fan William Reber, Arthur Fritsch, Hans Kroon, Erik Landman en Paul Vincent (2). De Flyers klimme nei it sechsde plak. Snein spylje de Flyers thús tsjin de nûmer lêst Utrecht.