Behanneling gameferslaving

Game kin leuk wêze, mar ek ferslaavjend...
Ferslavingssoarch Noard-Nederlân wol dat har behanneling fan gameferslaving wittenskiplik ûnderboud wurdt. No wurdt in jongere mei sa'n ferslaving behannele neffens de metoade dy't ek by gokferslaafden brûkt wurdt.
Troch de wittenskiplike ûnderbouwing wurdt dúdlik oft de behanneling effektyf is. By ferslavingssoarch melde har hieltyd faker jongeren dy't deis tusken de 10 en 16 oeren achter de kompjûter sitte. Jierliks soe it om inkelde hûnderten gean.