Sven Kramer 6e op 500 meter

07 feb 2009 - 14:20

Sven Kramer stiet nei de earste ôfstân by it wrâldkampioenskip allround yn it Noarske Hamar op it sechde plak. Kramer kaam yn it Vikingskip op de 500 meter yn in tiid fan 36,33 oer de streek.

Sven Kramer moast tweintich minuten wachtsje foar't er oan de 500 meter begjinne koe. Nei in falpartij fan de Súd-Koreaan Kwun-Won Choi moast it iis preparearre wurde. De Kanadees Denny Morrison wie de rapste op de 500 meter yn in tiid fan 35,55.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)