Sybren Jansma 18e yn bob

07 feb 2009 - 12:51

By de wrâldbekerwedstriden bobslydzjen yn it Kanadeeske Whistler is Sybren Jansma fan De Pein mei syn maat Edwin van Calker yn de twamansbob freed op in teloarstellend 18e plak einige.

Op de Olympyske baan fan 2010 hie it duo mear as in sekonde efterstân op de Dútske winners Thomas Florschütz en Marc Kühne. Jansma en Van Calker hawwe al in Olympyske nominaasje foar de winterspelen yn Vancouver. Se moatte takom jier noch foarmbehâld sjen litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)