Dieven op 'e die betrape

07 feb 2009 - 12:27

Yn in winkel op de Sintrale yn Ljouwert binne freedtejûn twa manlju op 'e die betrape by it stellen fan lûdsapparatuer. Doe't de beide manlju fernamen dat se yn de gaten holden waarden, rûnen se nei de kassa, lieten dêr it guod stean en naaiden út.

In befeiliger gie se efternei, mar waard troch de beide manlju bedrige mei in mes. It duo fytste doe hurd fuort. De plysje hat fia Burgernet in oprop dien om nei de manlju út te sjen, mar dat hat gjin resultaat hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)