Twa himpkwekerijen oprôle

07 feb 2009 - 12:24

De plysje hat yn Ljouwert tongersdei op twa plakken himpkwekerijen oprôle. De plysje kaam de kwekerijen op it spoar nei anonime tips. Op de boppeferdjipping fan in hûs oan de 1e Koestrjitte fûn de plysje 160 planten. De stroom foar de kweek waard yllegaal ôftape en dit levere in gefaarlike situaasje op.

Yn in hûs oan de Zenegroen fûn de plysje nochris 150 planten. Alle apparatuer en de planten binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)