Friesland Bank fan A nei A-min

06 feb 2009 - 20:52

De Friesland Bank stiet der noch altyd goed foar, al is de posysje wol krekt wat minder wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan Fitch Rating, it buro foar it beoardielen fan finansjele ynstellings. Neffens Fitch is de lange termynstatus fan de Friesland Bank fan A nei A-min gien. Dat is noch altyd rom foldwaande, mar it jouwt wol oan dat ek de Friesland Bank troffen wurdt troch de ynternasjonale kredytkrisis.

Fitch ferwachtet dat de Friesland Bank yn 2008 mei ferlies draaid hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)