Auto oerfallers fûn

© Omrop Fryslân
De plysje hat de auto dy't tongersdei brûkt is by de oerfal op in juwelier op de Nijstêd werom fûn yn de wyk Westeinde yn Ljouwert. Earder hie de plysje Boargernet ynskeakele om de swarte Seat Ibiza werom te finen. Dermei waarden minsken fia de tillefoan oproppen om mei te helpen mei it sykjen nei de auto. Úteinliks wie it de plysje sels dy't de auto oantroffen hat.
De auto is yn beslach naam en sil no op spoaren ûndersocht wurde.