Popov seit neat oer drankrit

06 feb 2009 - 15:53

Hearrenfeanspiler Goran Popov reagearret foar it earst op syn arrestaasje troch de plysje. Popov waard yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden. Krekt foar de training fan freed stapte hy yn 'e auto by Danijel Pranjic en Bonaventure Kalou.

De Masedoaniër joech wol oan dat syn rydbewiis ynnaam is, mar woe der no fierder neat oer kwyt. Popov siet sneontenacht mei drank op achter it stjoer en ried mei twa lekke bannen tsjin it ferkear yn troch it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)