Kalamiteiten yn Harns

06 feb 2009 - 12:52

Ferskate helptsjinsten moasten yn Harns freedtemoarn yn aksje komme. Op de Willemskade foel in frachtweinsjauffeur fan syn auto. De ambulânse en de traumahelikopter waarden hjirfoar ynskeakele.

Op de Yndustrywei moast de brânwacht yn aksje komme foar in gaslek. Dit lek is nei alle gedachten ûntstien as gefolch fan stellerij fan koper út in pân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)