Constantijnskoalle ferhuze

De bern fan de Prins Constantijnskoalle yn Ljouwert ferhuzen fan 'e moarn harren eigen stuollen nei de nije lokaasje. Mei noch in oare skoalle en ûnder oare in pjutteboartersplak en fasiliteiten foar berne-opfang en sport komt de Prins Constantijnskoalle yn in brede skoalle.
De skoalle út de Vrijheidswyk rekke de lêste jierren mear as de helte fan de learlingen kwyt, mar it tal learlingen lûkt no wer oan.