Gemeente: net earder betelje

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen sjocht gjin kâns om rekkens fan ûndernimmers binnen twa wike te beteljen. De FNP hie hjir om frege. Dy partij wiisde op it fersyk fan ûndernimmers oan de oerheid om rekkens yn twa wike tiid te beteljen fanwege de kredytkrisis.
Neffens de wethâlder is der sa'n fjouwer wike nedich om rekkens ôf te hanneljen, omdat dy goed kontrolearre wurde moatte. Achtkarspelen krijt alle jierren sa'n 10.000 rekkens en betellet dy binnen 26 dagen.