Webside oer stiperegelings

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Ljouwert wol dat de gemeente mei in webside komt dêr't minsken mei in leech ynkommen op fine kinne wat foar stiperegelingen der foar har binne. Ljouwert hat koartlyn yn in nota alle regelingen op in rychje set.
Om dy regelingen ek dúdlik te meitsjen foar de ynwenners moat der neffens de PvdA in webside komme, dy't foar elk begryplik is. It giet dan ûnder oare om regelingen foar wurk, húsfêsting en oplieding.