Boetes foar snorfytsers

06 feb 2009 - 09:32
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdei op twa plakken bestjoerders fan in snorfyts oanhâlden, omdat se mei tefolle drank op rieden.

It giet om in 36-jierrige ynwenner fan Drachten en in 34-jierrige ynwenner fan Harns. Se waarden beide yn har wenplak oanhâlden. By de kontrôle die bliken dat de Drachtster gjin rydbewiis hie, de Harnzer hie noch in boete iepen stean.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)