Boekeferkeap yn Grutte Tsjerke

Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert binne de kommende dagen hûnderten goedkeape boeken te finen. Foar de útferkeap fan in grutte boekhannel yn de stêd is de tsjerke foar ien kear omtovere ta in boekwinkel.
De ferkeap begong tongersdei om fiif oere middeis en net sûnder sukses. Yn de earste oere kamen der al mear as hûndert minsken oer de flier. De ferkeap duorret noch oant en mei sneon. Dan feroaret de Grutte Tsjerke wer gewoan yn in tsjerke.