Nijefurd lulk op aksjegroep

© Omrop Fryslân
De gemeente Nijefurd is lulk op it aksjekomitee 'Fan ûnderen op'. Nijefurd hat te hearren krigen dat dy groep beweart dat de gemeente kranten oanstjoert. Dêr nimt Nijefurd krêftich ôfstân fan.
De gemeente jout kranten ynformaasje as dy dêr om freegje. Mar Nijefurd bemuoit him net mei wat de kranten mei dy ynformaasje dogge. It aksjekomitee 'Fan ûnderen op' ferset him tsjin de weryndielingsplannen fan fiif Súdwesthoekegemeenten.