Gemeente keapet sealesintrum

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel hat sealesintrum en kafee De Kruisweg yn Damwâld kocht. De kommende wiken sil Dantumadiel besjen wat foar funksjes de Kruisweg krije kin. Der moat yn alle gefallen romte wêze foar it ferieningslibben fan Damwâld. It gebou wurdt op koarte termyn opknapt, om it net fierder fertutearzje te litten.
De Kruisweg hat dik in jier iepen west as kafee, dêrfoar stie it gebou in skoft leech.