Ofslútdyk wurdt test

05 feb 2009 - 17:09

Rykswettersteat begjint oer oardel wike mei in ûndersyk op de Ofslútdyk. It is de bedoeling dat in stik dyk der ûnderstrûpt mei tûzenen liters wetter om sa in ekstreme stoarm te simulearjen. Rykswettersteat wol sa sjen hoe sterk de dyk is.

De dykbehearder die dizze tests al earder yn Fryslân. Yn septimber fan ferline jier waard de seedyk by de Waadsee al ûndersocht. De dykbehearder docht dit ûndersyk by alle diken yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)