Juwelier Nijstêd wer oerfallen

Foar de twadde kear yn fjirtjin dagen is juwelier de Gouden Engel oan de Nijstêd yn Ljouwert oerfallen. It soe gean om in wapene oerfal. Oft der wat stellen is, is noch net bekend. It gie om fjouwer oerfallers. Ien dêrfan is pakt, de oare trije koene útnaaie.
Twa wike lyn waard eigner Kramer fan de juwelierssaak ek slachtoffer fan in wapene oerfal. Doe waard er mei in mes bedrige troch in oerfaller.