Iisherberch ferboud ta tsjerke

© Omrop Fryslân
De Iisherberch yn Dokkum wurdt lang om let omboud ta tsjerke. Begjin april wurdt yn it eardere teater de earste tsjerketsjinst hâlden. De oanrin wie ien mei in soad tûkelteammen. Lang net alle gemeenteleden fan de PKN-tsjerke Dokkum/Ealsum/Wetzens wiene it iens mei de oankeap fan de, yn har eagen, djoere en te grutte Iisherberch.
Mar de tariedings binne no út ein set. Mei in soad frijwilligers wurdt wurke om it gebou op 'e tiid klear te krijen foar de earste tsjerketsjinst.