Kromkamp wint yn Sweden

© Omrop Fryslân
Martijn_Kromkamp hat tongersdei yn it Sweedske Falun de earste wedstriid fan de Grand Prix kompetysje wûn. De maratonrider fan Wolvegea wie nei 80 kilometer de rapste yn de sprint. Twad waard Gary_Hekman. It is de earste natueriisoerwinning foar de 28-jierrige Kromkamp.
Carla_Zielman wûn by de froulju de wedstriid oer 60 kilometer. Maria_Sterk fan Hallum waard tredde, achter Mariska_Huisman. Sneon is de folgjende wedstriid yn Sweden.