100 oeren wurkstraf fâdijsaak

05 feb 2009 - 13:59

In frou út Frjentsjer moat 100 oeren wurkstraf dwaan, omdat se net goed meiwurket oan in omgongsregeling tusken har soan en har eks-man. Fan de wurkstraf fan 100 oeren binne 40 oeren op betingst. Tongersdei hat de rjochter útspraak dien.

Gewoanwei komme sokke saken allinnich by de sivile rjochter, mar neffens de strafrjochter hat de frou sjen litten dat se har net oan de ôfspraken hâldt. De sivile rjochter hie al in pear kear bepaald dat de man syn soan sjen mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)