442 km nije Fryske kuierpaden

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt der fan 2013 ôf 442 kilometer oan nije kuierpaden by. De paden wurde ûnderdiel fan in Waadkuierrûte fan 1200 kilometer dy't troch Grinslân, Fryslân en de kop fan Noard-Hollân rint. Tongersdei waard it startskot jûn foar it projekt dat in 2,9 miljoen euro kostet.
Op de rûte kinne minsken straks gebrûk meitsje fan moderne snufkes. Sa wurdt fia de mobile tillefoan ynformaasje jûn oer it paad en de streekferhalen dy't dêr byhearre.