Himpplantaazje yn Surhuzum

05 feb 2009 - 10:12

De plysje hat oan de Turfloane yn Surhuzum in himpplantaazje oprôle. Dat waard dien nei tips dat der yn in skuorre yn de strjitte in himpplantaazje wêze soe.

Yn de skuorre waarden goed 300 planten fûn. Dy binne krekt as de byhearrende apparatuer ferneatige. De eigner fan de skuorre moat noch heard wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)